Geologysk besjoen is Fryslân noch mar jong. De âldste parten fynt men meinammen yn súd Fryslân, dus ek by ús. Ús kriten binne foarme yn de foarlêste iistiid, dy’t einige binne sa’n 130.000 jier v.Chr. It lâniis kaam as gigantyske gletsjers fanút Skandinavie ús kant op. Nei alle gedachten wie it iis yn Skandinavie sa’n 3000 meter dik en by ús noch ienige hûnderten meters. De ôfgryslike hege druk en krêft fan dit iis hat de grûn foar har út treaun en hat de ûndergrûn, bygelyks ek stien, ferpûlvere ta liem. Sa ûntstie de hegere grûn fan Gaasterlân en ek de trije Gaasten; de ‘Lytse Gaast’ (rjochting Sleat), ‘Tsjerkgaast’ en de ‘Wollegaast’ (om en by Spannenburg). Mar it ferhaal giet fierder, fansels. Yn de lêste iistiid, dy’t duorre hat oan’t sa’n 10.000 jier v.Chr., ha we gjin lâniis yn Nederlân hân. Yn iistiden is de seespegel folle leger en yn dy lêste iistiid wie Nederlân as in toendra. Der is doe troch sterke winen in protte sân oer Nederlân stoot, in soarte fan deklaach. It iis begjint dêrnei wer te smelten en de seespegel komt wer omheech. Op it plak fan de Waadeilannen ûntstean grutte dunen, wêr’t de see gauris troch hinne brekt. Efter de dunen en foar it hegere suden foarmt fean. De see komt en giet en lit hieltyd klei efter en oerspjilt it fean.

It gebiet ten noarden fan ús gaasten is ek fean. It tefolle oan reinwetter wettert fansels ôf nei de legere dielen en dit bart troch ferskate feanrivieren. Sa ek de krite wêr’t no de Sleattemer mar leit. Oan de noardkant giet dit nei it noarden ta troch de Drylster Ie en oan de súdkant komme trije fan dizze rivierkes by inoar en foarmje úteinlik de Ie, dy’t by Teakesyl de Middelsee yn streamt. Dielen fan dizze rivierkes besteane hjoedtedei noch altyd. It binne de Ymer, de Âlde Wei en de Kromme Ie. As we oer De Stikels, dêr by de mar, rinne, dan is dat lâns De Âlde Wei. It is dochs in geweldich idee dat je dan lâns in hiel âld stikje skiednis rinne. By my komt dan faak de gedachte nei boppe, dat hjir miskien ea in mammoet oan it poatsjebaaien wie. Stel dy foar!
