Himmelwike 2023, dogge jimme ek (wer) mei?
Beste bestuursleden,
Doen jullie in de week van 25 maart ook weer mee met de Himmelwike? De gemeente stelt inzamelmateriaal beschikbaar en haalt het verzamelde zwerfafval weer op. Lees voor alle informatie onderstaande mail van mijn collega Cor Schotanus.

Oan de ferienings foar pleatslik belang/buertferienings yn De Fryske Marren
Achte manlju en froulju,
Gelokkich kinne we yn 2023 wer in ûnbeheinde himmelwike organisearje yn De Fryske Marren. Foar de skoallen is dit fan 20 oant 24 maart.
Foar de ferienings foar pleatslik belang/buertferienings is der de gelegenheid om in himmeldei te organisearjen op sneon 25 maart. Jim kinne ek kieze foar in troch de wykse dei as jim gearwurkje mei in skoalle.
Tidens dizze himmeldei kinne jim yn en yn de omjouwing fan jim wenplak de swalksmoargens opromje, sadat dy omjouwing mei skjinne strjitten en bermen de maitiid yn giet.
It is de bedoeling dat jim sels de nedige mankrêft mobilisearje.
Ynsammelmateriaal (konteners, plastic sekken, prikkers) wurdt troch de gemeente beskikber steld. It sammele ôffal wurdt nei ôfrin fan it himmeljen ophelle.
Helpe jim mei om de Fryske Marren skjin de maitiid yn gean te litten?